Fjetnameeske namme

In Fjetnameeske namme is de namme fan persoanen yn Fjetnam en fan lju fan etnysk Fjetnameesk komôf om utens. Sokke nammen besteane út trije dielen: ien patrilineêre famyljenamme dy't foarop komt, folge troch ien of mear middelnammen, en efteroan ien foarnamme. Alle Fjetnameeske nammen besteane út ien wurdlid. Krekt as by nammen yn oare talen yn 'e Sinosfear komt by Fjetnameeske nammen dus de famyljenamme foaroan en de foarnamme efteroan. Se wike lykwols ôf fan Sineeske, Koreaanske en Japanske nammen troch it foarkommen fan 'e middelnamme. In oar ferskil is dat nei in persoan dy't in Fjetnameeske namme hat, ferwiisd wurde kin mei de hiele namme of mei de foarnamme, mar net mei allinnich de famyljenamme. In trêde mooglikheid (yn it Fjetnameesk) is om ynstee fan 'e namme in hierargysk foarnamwurd te brûken, dat ornaris ferwiist nei de graad fan besibskip tusken de sprekker en de persoan dêr't hy of sy it oer hat. Eltsenien dy't de Fjetnameeske nasjonaliteit oanfreget, moat in Fjetnameeske namme oannimme.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne